Keunst yn wynmûnepark

10 jan 2012 - 11:46

Yn it NUON-wynmûnepark tusken Frjentsjer en Easterbierrum komt fan 't simmer keunst te hingjen. It giet om 24 doeken fan likefolle skilders. Neffens NUON giet it om in wrâldprimeur. De metersgrutte doeken wurde, tusken april en oktober, om de twa moannen ferfongen. Se kinne oer reinwetter en hurde wyn. Der wurde ek skilderijen ophongen yn it park by Almere.

Nei it projekt wurde de doeken ferkocht, sadat de keunstners ek noch wat jild barre. Doel fan NUON is om sjen te litten dat je ek moaie dingen dwaan kinne mei wynmûnen.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)