Jans wol werom nei Portugal

Hearrenfeantrainer Ron Jans keart freedtejûn wol werom nei it trainingskamp yn Portugal. Jans syn mem is moandei ferstoarn en hy wie dêrom yn Nederlân. Ofrûne snein is de haadtrainer wol meigien nei Portugal, mar noch deselde dei hat Jans wer in fleantúch werom nei hûs naam. De trainingen wurde no oernaam troch assistint-trainer Henk Herder.
Woansdei spilet Hearrenfean in oefenwedstriid tsjin Bayer Leverkusen en sneon tsjin Hannover '96. Sneontemoarn docht Jans wer de training en tsjin Hannover sit hy ek wer op de bank.