Boalserter moat auto ynleverje

10 jan 2012 - 10:15
  • Plysje

In 30-jierrige man út Boalsert is moandei syn auto kwytrekke, omdat er foar de tredde kear achter elkoar betrape wie, wylst er net ride mocht. Plysjes seagen de man tafallich yn syn auto foarbykommen yn de Eelke Mobachstrjitte. Hy ried hiel hurd en doe't er de plysjes seach, naaide er út.

De plysjes setten de achterfolging yn en fûnen de auto leech werom yn de Pater Schuurmanstrjitte. Omdat de plysjes wisten om wa't it gie, ha se de auto yn beslach naam. De fertochte wurdt op it matsje roppen.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)