Ljouwerter samar mishannele

10 jan 2012 - 10:00

Yn Ljouwert is moandei in 36-jierrige man út de stêd sûnder reden mishannele. De man rûn oer it Zuidvliet, doe't er ynienen troch twa noch ûnbekende manlju oanfallen en slein waard. Hy rekke ferwûne oan syn gesicht.

By ien fan de winkels warskôge er de plysje. Doe't dy der wiene, ha se in ambulânse warskôge. Dêr is it slachtoffer mei nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)