Skoaljonge oppakt foar heling

10 jan 2012 - 09:47

De plysje hat moandei by in skoalle yn Ljouwert in 15-jierrige jonge oppakt op fertinking fan heling. De plysje wie ynskeakele omdat der rûzje drige tusken in tal learlingen en in pear jonges dy't net op de skoalle sieten.

Ien fan dy jonges hie in nije fyts by him mei in stikken slot. Omdat de plysjes it fermoeden hiene dat dy stellen wie, ha se him yn beslach naam. De 15-jierrige jonge is meinaam nei it buro.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)