Gouden Swipe iepenbier

09 jan 2012 - 23:15

De Gouden Swipe is tenei yn it iepenbier te bewûnderjen. De Swipe, de hurddraverspriis dy't al fjirtich jier útrikt wurdt, komt fan woansdei ôf te hingjen yn it gemeentehûs fan Skarsterlân, op 'e Jouwer.

Yn it ferline krigen de winners de Goude Swipe mei nei hûs. De organisearjende Jouster Harddraverij- en Renvereniging wol de wikseltrofee no op in iepenbier plak sjen litte. De Gouden Swipe is de priis foar froulike pikeurs, dy't op amateurbasis de draverij beoefenje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)