Motorcrosse It Amelân in toer

09 jan 2012 - 22:17

It wurdt in hiele toer om in motorcrossterrein op It Amelân ta stân te bringen. Likegoed wol de gemeenteried dat der serieus nei sjoen wurdt, al wie it allinnich mar om foar te kommen dat der yn de natuer yllegaal crosst wurdt.

In plak by it fleanfjild by Ballum soe foar in crossterrein it bêste wêze, sa waard moandeitejûn dúdlik op in kommisjefergadering. Likegoed sille wetten en bepalings lykas Natura 2000 de kâns op de oanlis fan sa'n terrein lyts meitsje, jout wethâlder Bakema ta.

Trefwurden: 
natuer It Amelân motorcross
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)