Huzepriis yn Fryslân stabyl

© Omrop Fryslân
De priis fan huzen yn Fryslân is ridlik stabyl neffens ferline jier. Dat docht bliken út sifers fan it CBS en it Kadaster. De sifers binne ferwurke troch de site prijsverloop.nl.
Huzen yn Fryslân binne ferline jier sawat 6 persint yn wearde sakke. De trochsneedpriis fan in wente yn ús provinsje komt op goed 190.000 euro. De ferwachting is dat de huzeprizen de kommende trije jier noch sawat 10 persint sakje sille.