Gjin nije oanjeftes trainer

09 jan 2012 - 16:23

Der binne gjin nije oanjeftes mear binnenkaam tsjin de 27-jierrige fuotbaltrainer út Harns. De man moast moandeitemoarn foar de rjochter ferskine. Dy sil net earder as 9 febrewaris ynhâldlik nei de saak sjen.

De trainer liet jonges fan in jier of tsien op syn bleate liif stean en makke dêr opnames fan. Alve jonges hawwe oanjefte dien tsjin de man.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)