Grut gasfjild by Ie

09 jan 2012 - 15:08

De NAM hat by Ie in gasfjild fan 4 miljard kúb fûn. Dat is de grutste gasfynst sûnt 1995, sa meldt de NAM sels. Fan 't hjerst waard it nije fjild oanboarre op in djipte fan 3900 meter. It leit tusken de fjilden fan Mitselwier en Eastrum. Der sit genôch gas yn de grûn om 2,5 miljoen Nederlânske húshâldens in jier lang stoke te litten.

Fan 't simmer set de gaswinning yn it fjild út ein. De NAM ferwachtet it fjild de kommende fyftjin jier te brûken.

Trefwurden: 
gas
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)