Bistekampke yn Sint Anne

© Gemeente It Bilt
By it eardere âldereintehûs De Vlaswiek yn Sint Anne komt in bistegreide. It is in plan fan Pleatslik Belang en de gemeente it Bilt. Op fersyk fan omwenners hat Pleatslik Belang ferline jier in plan makke om it âlde hertekamp op te romjen en op itselde plak in bistegreide mei boarterstastellen oan te lizzen.
It projekt kostet 30.000 euro. Dêrfan betellet de gemeente de helte. De rest komt fan wenningstifting Wonen Noordwest Friesland, de Stichting Bildtse Belangen en Plattelânsprojekten. It dierekampke moat der noch dit jier komme.