Priis foar earmerkwegerers

09 jan 2012 - 12:14

Feehâlders Thom de Groot út Grou en Henk Brandsma fan Boalsert binne as earmerkwegerers nominearre foar de Ekoland Ynnovaasjepriis 2012. In melkskieppehâlderij fan Easterein op Skylge makket ek kâns op de priis. Tolve bioloygske bedriuwen binne nominearre. Thom de Groot en Henk Brandsma wegerje harren bisten earmerken yn te dwaan.

Ekoland is in fakblêd foar biologyske bedriuwen. Neffens it blêd meitsje De Groot en Brandsma mei harren opstelling dúdlik dat de lânbou in belangrike rol hat yn de soarch foar de ierde en de bisten.

De Zeekraal ferkeapet biologyske Waadprodukten en ûntwikkelet ûnder oare kosmetika mei skieppemolke as basis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)