Van Lunzen 45e yn Egmond

08 jan 2012 - 17:21

Yn Egmond waard snein de earste heale maraton fan it jier rûn. Bêste Fries by de manlju wie Ramon van Lunzen dy't mei in tiid fan 1.10.40 as 45e oer de streek kaam. De winst gie nei de Etiopiër Dawit Wolde, dy't krekt wat mear as in oere nedich hie (1.00.45).

By de froulju einige Mariska Kramer op in santjinde plak yn 1.18.11. By de froulju wie der ek Etiopysk súkses foar Meseret Haily dy't mei 1.11.18 de rapste wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)