Bonifatiuspenning foar Kamsma

Yn de Frjentsjerter katolike Sint Fransiscustsjerke is snein de brûnzen Bonifatiuspenning fan it bisdom Ljouwert-Grins útrikt, Mathey Kamsma krige de ûnderskieding foar al it frijwilligerswurk dat er dien hat.
Sa wie Kamsma sekretaris, koster en lektor by fierings. Boppedat is er de man achter de ynternetside fan de parochy en is er ien fan de behearders fan it parochysintrum.