Wetterpeil normalisearret rap

De burd heech wetter
De situaasje mei it hege wetter wurdt rap better. Dat meldt Wetterskip Fryslân snein. It wetter kin goed fuortkomme. De slûzen by Dokkumer Nije Silen hawwe snein eefkes net yn wurking west fanwege it tij, mar se kinne no wer maksimaal op de Lauwersmar loaze. It Woudagemaal by De Lemmer en it Hooglandgemaal by Starum wurkje ek omraak. Fierders wurdt by Harns ek in soad wetter yn de Waadsee loasd. It wetterpeil stiet no op -39 ûnder NAP, Normaal is -52.
Mei ferwachting sil de tastân mids takom wike wer normaal wêze. Dan begjinne de poldergemalen ek mei it leechmeallen fan de polders. Woansdei en tongersdei gean de poldergemalen by de Fryske polders foar de tydlike opslach fan wetter oan. Dat binne de Soestpolder by Sumar/Burgum en de polder it Eilân by Grou.
It stoomgemaal Woudagemaal wurket noch oan moandei. Dêrnei wurdt it stillein. Fierders wurdt it aksjesintrum yn it wetterskipsgebou ûntbûn en giet it spesjale telefoannûmer foar heechwetterfragen moandei nei in oere of njoggen út de loft.