Konkoers helpt Radboudruters

© Omrop Fryslân/Geale Groen
De dupearre rydfereriening Radboudruters krijt help fan it ynternasjonaal konkoers Noard-Nederlân yn Drachten. Mei âld en nij baarnde it klupgebou fan de feriening mei al it wedstriidguod ôf. De skea wurdt rûsd op oer de 50.000 euro.
De organisaasje fan it konkoers wol no de dupearre rydferiening helpe. De ruters krije snein in sjek. Hoefolle jild oft de aksje opsmiten hat, wurdt sneintemiddei bekend makke.
Koartlyn hiene de leden jild ynsammele foar in Radboudhindernis. Dy koste tûzen euro. Hippo Friesland en Metaaldraaierij Van Grijp hawwe ûnderwilens ek al in nije hindernis tasein.
It konkoers yn Drachten is dit wykein op sneon en snein. Der dogge dressuer- en springruters út tritich lannen oan mei. It evenemint is santjin jier lang yn Zwolle hâlden en dit jier foat it earst yn Drachten.