Drachtster oppakt foar heling

08 jan 2012 - 15:02
  • Plysje

In man fan 25 jier út Drachten is sneontemoarn oppakt foar heling. Surveillearjende plysjes seagen om seis oere hinne de man bûtendoar stean en sprutsen him oan. Op de grûn lei in autoradio. De Drachtster sei dat er dy krekt kocht hie foar tsien euro. Dêrop waard er oanhâlden.

Op it buro die bliken dat de man ek noch in navigaasjesysteem by him hie. Hy sei dat it fan him wie, mar nei ûndersyk waard dúdlik dat in 56-jierrige frou út Drachten de eigener wie. Sy hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)