Sybren Jansma op sânde plak

08 jan 2012 - 14:57
  • Sybren Jansma

Sybren Jansma is snein mei de fjouwermansbob op it sânde plak einige by it Europeesk kampioenskip bobslydzjen yn Altenberg. Under lieding fan stjoerman Edwin van Calker kaam it Nederlânske team mei Jansma, Yannick Greiner en Arno Klaassen út op in tiid fan 1.51.24. Dat wie 1,37 sekonden stadiger as de Dútske winner Maximilian Arndt.

Nei de teloarstellende prestaasje sneon fan de twamansbob (18e plak), wie dit in moaie opstekker foar Jansma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)