Bewenners De Burd werom

De fyftich evakuearre bewenners fan De Burd en rekreaasjepark Yn 'e Lijte binne sneontejûn en snein weromgongen. Op advys fan it wetterskip waard sneontejûn it gebiet wer frijjûn. Troch it sakjen fan it wetterpeil en de fersterking fan de swakke wâlskanten wie de situaasje feilich genôch.
Net allinich fêste bewenners kamen werom, ek in soad eigeners fan fakânsjewenten woene sjen hoe't it like. Ut in earste rûngong docht bliken dat der gjin skea is oan de wenten en karavans.