Sven Kramer wint 1500 meter

08 jan 2012 - 13:09

Sven Kramer is dwaande om foar de fiifde kear Europeesk kampioen te wurden. Yn Boedapest wûn Kramer de 1500 meter yn 1.53.98. As iennichste kaam hy dêrmei ûnder it besteande baanrekôr út 2001 fan Ids Postma. De jonge Noar Sverre Lunde Pedersen waard twadde yn 1.54.87 en Jan Blokhuijsen tredde yn 1.54.93. It ferskil tusken lieder Blokhuijsen en de nûmer twa Kramer op de 10 kilometer is mar 1 sekonde en 12 hûndertste.

Trefwurden: 
Sven Kramer reedriden EK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)