Plysje pakt man op yn sikehûs

08 jan 2012 - 09:54

De plysje hat sneon in 25-jierrige man út Ljouwert oanholden op fertinking fan mishanneling. Hy hie in 23-jierrige plakgenoat sûnder oanlieding klappen jûn. Dat gebeurde yn in kroech oan it Ruterskertier yn Ljouwert.

It slachtoffer rekke ferwûne oan syn lip en moast nei it sikehûs foar behanneling. Doe't hy dêr wie, seach er ynienen de dieder rinnen. De man belle de plysje en dy hat de Ljouwerter yn it sikehûs oppakt. De fertochte is fêst setten op it buro.

Trefwurden: 
plysje mishanneling sikehûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)