Provinsje wol net reagearje

08 jun 2013 - 15:26

De provinsje wol net reagearje op de krityk dy't de inisjatyfnimmers fan it Icedôme yn Almere hawwe op iisbûn KNSB en sportkoepel NOC*NSF. Deputearre Konst fynt it in saak tusken it Icedôme en it bûn. Folkert Buiter fan it Icedôme makke freed bekend in koart pleit oan te spannen tsjin de KNSB as dy net foar tiisdei tolve oere beslút wêr't it nije topiisstadion komt. Almere is dêr mei It Hearrenfean en Zoetermeer kandidaat foar.

It beslút oer de lokaasje soe earder naam wurde, mar it waard útsteld oant 8 augustus.

It útstel kaam der neidat Fryslân mei krityk kaam op in útlekt rapport dêr't yn stiet dat Almere de bêste lokaasje is foar in nij topiisstadion. Kommende tiisdei is der noch wol in petear tusken reedrydbûn KNSB en alle trije kandidaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)