Muorre flat Drachten delstoart

08 jun 2013 - 13:52

It delkommen fan de beklaaiïng fan in muorre fan winkelsintrum en appartemintekompleks De Noorderpoort oan de Stasjonswei yn Drachten wie te ferwachtsjen. Dat sizze omwenners. Neffens harren siet der al langer in skuor yn de muorre, mar hat gjinien aksje ûndernaam op de opmerkings dêroer. De beklaaïing kaam oan it begjin fan de middei nei ûnderen ta. It giet om in stik mitselwurk fan tsien by tsien meter.

Ut foarsoarch waard de supermerk ûnder yn it gebou ûntromme, mar yntusken is dy wer iepen. Wol is in gebiet om it gebou hinne ôfset.

De gemeente sil no besjen hoe't it fierder moat. Mooglik moat der ek noch in stik muorre sloopt wurde. By it ûngelok is net ien ferwûne rekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)