Dronken militêr yn Drachten

08 jun 2013 - 13:20

In 25-jierrige militêr út Hellevoetssluis moast yn de nacht fan freed op sneon yn Drachten syn rydbewiis ynleverje, om't er tefolle alkohol dronken hie. In portier fan in kafee hie de plysje ynskeakele, doe't er seach dat de man yn tsjinoerstelde rjochting ried en útwike moast foar in taksy. Dêrnei botste er tsjin in stilsteande auto.

De militêr út Hellevoetsluis is oanhâlden. Omdat er by definsje wurket, hat de plysje it ûndersyk oerdroegen oan de Keninklike Maresjesee.

Trefwurden: 
Drachten dronken militêr
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)