Damen hâldt op mei skipsbou

08 jun 2013 - 12:52

Damen Shipyards Burgum hâldt op mei de bou fan skippen op de werven yn Sumar en Burgum. Foar 33 fan de 80 wurknimmers wurdt ûntslach oanfrege. De haadfestiging yn Sumar bliuwt yn ôfslanke foarm iepen foar ûntwerp en foar oare aktiviteiten dy't op kantoar dien wurde. De werf yn Harns, dêr't allinnich boud wurdt, giet ticht.

Neffens direkteur Richard Nugteren fan Damen Sumar is de sluting needsaaklik. De merk foar frachtskippen stiet der striemin foar en der kin goedkeaper boud wurde yn Sina.

De maatregel jildt net foar de reparaasjewerf Shipdock yn Harns, dy't sûnt begjin dit jier ûnderdiel is fan Damen. Dy werf bliuwt gewoan iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)