Plysjes mishannele yn Snits

08 jun 2013 - 12:19

Trije manlju binne freedtenacht yn Snits oanhâlden foar mishanneling fan twa plysjes. Dêrby rûn in plysjefrou ûnder oare in brutsen noas op. De plysje wie op in melding ôfkaam fan in feestje yn it Rasterhoffpark yn de stêd. Doe't se om idintiteitsbewizen fregen, krige de plysjefrou in fûstslach. In 24-jierrige Snitser is oanhâlden en letter dy nacht ek noch in Snitser fan 22 jier.

Ien fan de plysjes dy't de kollega's yn it park helpe woene, krige ek in klap. In 19-jierrige fertochte is oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)