Sûnenssintrum Kollumersweach

De eardere biblioteek fan Kollumersweach is omboud ta sûnenssintrum. It jout ûnderdak oan in húsarts, fysioterapeut en in útjeftepunt fan medisinen. It gebou waard freed offisjeel iepene. It krige de namme It Bynt. Doel is dat der meikoarten noch mear foarsjennings yn komme.
It sûnenssintrum is it earste gebou yn it sintrum fan Kollumersweach dat opknapt is. Dat is dien op inisjatyf fan in wurkgroep, dy't it doarp leefber hâlde wol.