Tsiisfabryk Warkum klear

07 jun 2013 - 21:11

De útwreiding fan it tsiisfabryk fan FrieslandCampina yn Warkum is nei oardel jier bouwen hielendal klear. It fabryk hat in twadde tsiisline krige. Dêrtroch is de produksjekapasiteit tanaam fan 70.000 ton oant 120.000 ton yn it jier. De totale ynvestearring is sa'n 40 miljoen euro ynklusyf de útwreiding fan it DOMO fabryk dat op itselde terrein stiet. Yn it DOMO fabryk wurdt de waai fan de tsiisfabryk ferwurke ta bygelyks babypoeier. Troch de útwreiding binne der sa'n 20 nije meiwurkers by kaam.

It tsiisfabryk is de grutste fan Europa en ien fan de grutsten yn de wrâld.

Trefwurden: 
tsiisfabryk DOMO
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)