Icedôme wol tiisdei dúdlikheid

07 jun 2013 - 19:47

It reedridersbûn KNSB moat no tiisdei foar 12 oere beslute wêr't de nije topreedridershal komt. As it bûn dat net docht, dan folget der in koart pleit. Dat ha de inisjatyfnimmers fan Icedôme Almere freed sein. Almere is mei Zoetermeer en It Hearrenfean kandidaat foar it nije reedridersmekka. Foarige moanne lekte in fertroulik rapport fan de KNSB en sporkoepel NOC*NSF út, weryn Almere oanwiisd waard as ideale lokaasje. Dat soarge foaral yn Fryslân foar in soad ophef. De KNSB en NOC*NSF ha dêrop beletten it beslút út te stellen oant 8 augustus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)