Keunstners yn lege winkels

07 jun 2013 - 16:42

Yn Dokkum wurde leechsteande winkels brûkt troch keunstners en ambachtslju ûnder de namme Vakwurk. De earste giet sneon offisjeel iepen. Janne Hamstra en Richtsje Kuipers kamen mei it idee en it wie samar klear.
De dielnimmers binne tige entûsjast. It kostet mar 50 euro yn de moanne. Dêrfoar rinne se it risiko dat se der yn twa wike tiid wer út moatte. De eigener is der ek bliid mei dat it gebou brûkt wurdt. It is de bedoeling dat mear lege winkelgebouwen yn Dokkum brûkt wurde troch keunstners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)