'Ticketstriid min foar Flylân'

07 jun 2013 - 14:00

De aksje mei goedkeape boatkaartsjes fan rederijen Doeksen en EVT nei Skylge is skealik foar it toerisme op Flylân. De fêste fakânsjegasten sille fan 't simmer wol gewoan komme, ferwachtet boargemaster Yorick Haan. Mar der is ek in groep minsken dy't him ferliede lit troch de goedkeape prizen en dy't no Flylân links lizze lit om't dat djoerder is.

Gemeente en ûndernimmers hawwe Doeksen yn in brief frege oft de priis fan de kaartsjes nei Flylân omleech kinne. Doeksen sil him dêroer beriede. Nei ferwachting sil dat op koarte termyn net barre.

Flylân sil gjin juridyske stappen ûndernimme, lit boargemaster Haan witte. Neffens de boargemaster leit de bal no earst by de steatssekretaris.

Flylân hocht der net op te rekkenjen dat de boatkaartsjes nei it eilân goedkeaper wurde. Dat seit direkteur Paul Melles fan Rederij Doeksen yn reaksje op it brief fan de gemeente Flylân en de ûndernimmers fan it eilân. De ôffearten fan en nei Flylân kinne al jierren net út. Yn it ferline kompensearre it bedriuw dat ferlies mei swarte sifers op de boatoersettings fan en nei Skylge, mar dat is no oer. Troch de komst fan EVT makket Doeksen op dy oertochten ek ferlies. Dêrom hâldt de rederij no ek oan it heechseizoen ta aksjes om reizgers foar 4 euro nei Skylge te bringen. Melles hopet dat it Europeeske Hof en it ryk úteinlik in oplossing fine yn de striid tusken Doeksen en EVT. Oant dy tiid makket syn bedriuw swiere ferliezen. Yn 2012 wiene de ferliezen bygelyks 3 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)