25 kilo kokaïne op strân fûn

07 jun 2013 - 13:08

In toerist hat op it strân fan Skylge in grutte partij kokaïne fûn. De plysje wol net sizze hoefolle, mar eilanners hawwe it oer seker 25 kilogram. De fynst waard al in pear wiken lyn dien, mar yn it belang fan it ûndersyk hat de plysje it no pas bekend makke. It is noch folslein ûndúdlik wêr't de drugs weikomme.

Trefwurden: 
Skylge strân kokaïne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)