Minder finzenissen opheffe

07 jun 2013 - 12:50

It is in goede saak dat steatssekretaris Teeven minder finzenissen opheffe sil. Dat fynt Roelof Sijtsema fan de ûndernimmingsried fan de finzenis yn Ljouwert en fan de oerkoepeljende UR fan alle finzenissen yn Nederlân.

Teeven wie fan doel om 26 finzenissen te sluten. Dat wurde no 10 of 15. Fierders skrast er it plan om de inkelbân yn te fieren as ferfanging fan de finzenisstraf. Sijtsema is bliid dat wat dien wurdt nei de protesten en dat Teeven sjoen hat nei it alternative plan dat de UR yntsjinne hat.

De oanpassings soargje derfoar dat der folle minder ûntslaggen falle. Wol sil der no foar 70 miljoen besunige wurde op it Ministearje fan Feiligens en Justysje.

De finzenis yn Ljouwert, earder De Marwei neamd, stie net op de nominaasje om sluten te wurden. Dat jilde wol foar Feanhuzen dêr't ek in soad Friezen wurkje. It is noch bekend oft de PI yn Feanhuzen wol of net iepenbliuwt. Der binne noch gjin nammen bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)