Gruttere rol Boer en Natuer

07 jun 2013 - 12:39
  • Ko

Boeren hawwe tenei minder administrative drokte troch it nije natuerbelied fan it ryk. Koepelorganisaasje Boer en Natuer sil mear fan de boeren oernimme wat agrarysk natuerbehear oanbelanget. Dat seit foarsitter Togtema fan Boer en Natuer.

Steatssekretaris Sharon Dijksma hat yn in brief oan de Twadde Keamer útlein hoe't it mei it agrarysk natuerbehear komme moat. Boeren krije allinnich jild as sy oansluten binne by sa'n agraryske natuerferiening of eat wat dêrop liket. Boer en Natuer sil in gruttere rol spylje.

Der wurdt ek strang kontrolearre op wat ien en oar opsmyt foar de natuer. De kâns bestiet dat der gebieten binne dêr't net genôch winst te heljen is foar de natoer.

Boer en Natuer is de koepelorganisaasje fan agraryske natuerferienings yn Noard-Nederlân en yn de polder. Yn Fryslân binne 33 fan dy ferienings. Dijksma wol dat it tal agraryske natuerferienings minder wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)