Kadavers sûnder earmerk dumpt

Op ferskate plakken yn Fryslân binne de lêste tiid yllegaal kadavers dumpt. De plysje meldt dat soks ûnder oare yn Heech, Jirnsum en Frjentsjer bard is. De deade bisten wurde sûnder earmerk earne achtlitten, sadat de eigener net opspoard wurde kin. Op dy wize draait de gemeente dêr't it kadaver fûn wurdt, op foar de kosten fan it opromjen.
De plysje freget minsken om it melden as se in kadaver sjogge.
De 'nieuwe Voedsel- en Warenautoriteit' jout ekstra omtinken oan de dumpte deade kij. In soad ynformaasje hat de organisaasje der noch net oer, mar it falt wol op dat der mear kadavers dumpt wurde as oars. Der sil no besocht wurde te achterheljen wa't dat docht. Dat sil dreech wurde omdat de earmerken fan de kadavers knipt binne. Neffens de nVWA jildt it probleem foar it hiele noarden.