Frjentsjerteradiel wol antwurd

07 jun 2013 - 06:46

De gemeenteried fan Frjentsjerteradiel ropt Afvalsturing Friesland BV ta ferantwurding. Neffens de ried wurde ôfspraken net neikommen en wol de direksje fragen oer wêr't it ôffal weikomt net beantwurdzje. Sa komt mar in lyts diel fan it ôffal út Fryslân, wylst ôfpraat wie dat dat net fan omfierrens nei Harns helle wurde soe. Boppedat wurdt it ôffal noch altyd mei frachtweinen oanfierd ynstee fan oer it wetter.

Op de fraach wat it salaris fan de direkteur is, hat de ried ek gjin antwurd krige.

De ried wol dat de wethâlder no soarget dat der wol antwurden komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)