Feiliger N358 troch Grinslân

06 jun 2013 - 23:06
  • Omwenners kamen earder by-inoar foar oerlis oer de plannen foar De Skieding

De fernijde N358 by Surhústerfean komt mooglik net yn Fryslân te lizzen, mar yn Grinslân. Dat die tongersdei bliken by de ynformaasjejûn oer de nije dyk tusken de A7 en Bûtenpost. It is neffens deputearre Sietske Poepjes ien fan de opsjes dy't op tafel leit. Der hat al oerlis west mei Grinslân.

De eastfariant fan de drokke dyk hat de foarkar fan in flink tal bewenners fan Surhústerfean. Yn ferskate ynformaasjejûnen freget de provinsje de ynwenners fan Surhústerfean sels mei mooglike trajekten foar de dyk te kommen.

Dat hat oant no ta tsientallen reaksjes opsmiten. Dy wurde de kommende moannen werombrocht nei ien foarkarstrajekt dat yn 2014 yn de Steaten besprutsen wurdt. De N358 moat neffens de provinsje opknapt wurde fanwege de feiligens en om it ferkear better trochstreame te litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)