Fersmoarge poel wer skjin

De Swartflietpoel op De Harkema is wer skjin. De poel wie bot fersmoarge mei gemikaliën, mar it oprêden hat jierren op him wachtsje litten. Al yn 1980 kaam de fersmoarging oan it ljocht. Dat it sa lang duorre hat, komt om't net dúdlik wie wa't ferantwurdlik wie. Om't de skuldige net fûn is, hat it Wetterskip it oprêden.
Yn totaal 220 frachtauto's mei fersmoarge slib waarden ôffierd. Ek moasten 2000 fisken ferhúzje. Tongersdei waarden de earste 300 dêrfan wer werompleatst. De operaasje koste 600.000 euro.