Primeur: feefoer út einekroas

06 jun 2013 - 17:16

By boer Johan Adema op 'e Lemmer is tongersdei de earste einekroas-produksjefiver fan ús lân yn gebrûk nommen. It einekroas sels wurdt brûkt as feefoer, wylst it produksjeproses ynset wurde kin by de bestriding fan it dongoerskot yn Fryslân. No jout boer Johan Adema syn kij noch hea as fretten. Yn de takomst sil it foer foar in grut part út einekroas bestean.

Dêrfoar is op syn hiem achter de pleats in fiver groeven fan 3000 kante meter, dêr't alle jierren sa'n 80 ton einekroas op groeie kin. In ynvestearring fan 200.000 euro.

Neffens inisjatyfnimmer Hayo Canter Cremers is boer Adema in trendsetter.

Trefwurden: 
De Lemmer feefoer Einekroas
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)