Handbike foar Jelmer Kleefstra

06 jun 2013 - 17:05

Der is genôch jild ophelle foar in handbike foar Jelmer Kleefstra fan Noardburgum. Mei de spesjale fyts sil er yn septimber de Mont Ventoux yn Frankryk beklimme. De 16-jierrige Jelmer hat in spiersykte en is op langere ôfstannen ôfhinklik fan in rolstoel.

Om it bedrach foar de hânfyts byelkoar te krijen, sa'n 6.000 euro, is der in spesjale stichting oprjochte en binne allerhanne aksjes organisearre. De fyts wurdt begjin july ôflevere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)