Slûs en haven Warkum oanpakt

De âlde slûs fan Warkum © Omrop Fryslân
De drompel yn de slûs by Warkum wurdt ferlege, sadat gruttere boaten yn de haven komme kinne. Nei de wurksumheden kinne boaten mei in djipgong fan 1.90 meter yn Warkum komme. It wurk begjint yn novimber en moat op 1 maart 2014 klear wêze. Foar de feiligens komt der in tydlike daam foar de slûs.
Neist it ferleegjen fan de drompel wurdt tagelyk it ûnderhâld oan de slûs dien. It wurk oan de slûs falt ûnder it Fryske Marreprojekt en slút goed oan by it Masterplan Warkum, dat Warkum oantrekliker meitsje moat foar de wettersporter.