Auto's iepenbrutsen op It Fean

06 jun 2013 - 15:26

Yn de wyk Skoatterwâld op It Hearrenfean is yn de nacht fan woansdei op tongersdei ynbrutsen yn fiif auto's. Dy stiene op de opritten fan hûzen oan de Willem Loadewykleane en de Yme Kuiperwei.

Ut twa auto's waard de middenkonsole helle. Ut de oare misse de airbags en ynboude en losse navigaasjesystemen. De eigeners fan de auto's ha allegear oanjefte dien fan de stellerij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)