Bouprojekten Elkien gean troch

06 jun 2013 - 15:22

Twa grutte bouprojekten fan wenningkorporaasje Elkien yn Ljouwert oan de Mariahof en de Oasterstrjitte gean gewoan troch. Dat hat de gemeente Ljouwert tongersdei bekendmakke.

Earder wie bekend makke dat Elkien beide projekten skrasse woe, foaral om 't it Ryk de wenningboukorporaasjes bot koartsje wol op harren budzjet. Foar Ljouwert sille dy besunigings op koarte termyn dochs gjin grutte gefolgen ha. Oan de Mariahof komme 22 nije wenten en de nijbou by de Oasterstrjitte smyt 84 nije wenten op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)