Revolúsje rint op nei klimaks

06 jun 2013 - 14:48

In swiere delegaasje fan sponsors, supportersklups Nieuw Noord en Feanfan, Aktie '67, de frijwilligerskoördinator en de klachtekommisje hawwe in brief stjoerd nei it stichtingsbestjoer fan SC Hearrenfean mei harren stânpunten. It stichtingsbestjoer is foar 100% eigener fan de oandielen fan de klup.

Woansdeitejûn kaam de groep "ferûntrêsten" byelkoar op in geheime lokaasje. Besletten is om fierder meielkoar te operearjen. Uterlik freed wolle se in reaksje hawwe fan it stichtingsbestjoer. Dêrnei sille se har bûge oer ferfolchstappen.

Wurdfierder Jelko van der Wiel woe neat sizze oer de ynhâld fan de brief. "Wy wachtsje de reaksje fan it stiftingsbestjoer ôf." Wol is dúdlik dat alle groepearrings binnen dizze revolúsje op ien line sitte. De supportersferienings hawwe ferline wike it fertrouwen opsein yn de kluplieding. Ofrûne tiisdei hat de ried fan kommissarissen dêr mei in brief op reagearre, mar dy brief wie neffens Feanfan-foarsitter Marcel Annema in "nietszeggend vodje".

Foarsitter Bauke Koopmans fan it stiftingsbestjoer befestiget dat se in brief krigen hawwe. "Wy komme yn 'e rin fan tongersdeitejûn mei in reaksje op de eigen klup-site."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)