Willem en Maxima ite by Reitse

06 jun 2013 - 14:42

Kok Reitse Spanninga fan Restaurant 't Plein op De Jouwer mei itensiede foar kening Willem-Alexander en keninginne Máxima, as sy nije wike freed yn Fryslân op besite komme. Spanninga neamt it de kroan op syn jubileum. De restauranteigener fiert dit jier it 25-jierrich bestean fan syn saak.

Tegearre mei in kollega út Noard-Hollân fersoarget er in miel oan board fan it skip dêr't it keningspear fan Fryslân mei nei Noard-Hollân fart. Op it menu steane ûnder oare asperzjes en sûkerbôle mei ierdbeien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)