Provinsjes falle yn de prizen

'Fryslân sil net fusearje' © Omrop Fryslân
De trije noardlike provinsjes ha in Europeeske priis wûn foar ynnovaasje by oerheidsynstânsjes. De priis is bedoeld foar de meast ynnovative oerheidsinisjativen dêr't minsken, bedriuwen en it ûnderwiis har foardiel mei dwaan kinne. De provinsjes krigen de priis foar har online platfoarm www.123subsidie.nl. Bedriuwen yn it midden- en lytsbedriuw kinne fia dy webside hiel maklik útfine wat foar subsydzjes se krije kinne.
Der waarden njoggen prizen útrikt. Mei-inoar wiene der dik 200 ynstjoerings út alle hoeken fan de Europeeske Uny.