'Goed dat Thialf trochgiet'

De direksje fan it CTO (Centrum Topsport en Onderwijs) fynt it goed dat de provinsje it prinsipebeslút naam hat om troch te setten mei de bou fan in nij Thialf. Ek al soene KNSB en NOC*NSF beslute it topreedriden te ferhúzjen nei in oar plak. De oare topsportaktiviteiten lykas turnjen, swimmen en judo bliuwe bestean.
De kracht fan it topsportsintrum It Hearrenfean rint sûnder it reedriden wol bot werom, sa tinkt Willem Veldman, direkteur fan it CTO.
Troch it beslút fan de provinsje is de kâns dat It Hearrenfean de topsportstatus ek yn de takomst fêsthâlde kin in stik grutter dan wannear't der gjin nij Thialf komt fynt Veldman.