Jonge bedriget skoalpersoniel

06 jun 2013 - 12:31

In 14-jierrige jonge út Menaam is tongersdeitemoarn troch de plysje oppakt, omdat er guon personielsleden fan syn skoalle yn Ljouwert bedrige hie.

De jonge hie fan de lieding fan de skoalle te hearren krigen dat er skorst wurde soe. Hij waard doe sa lulk dat er minsken bedrige. De skoalle belle de plysje en dy hat him meinaam nei it buro. Dêr sil er yn de rin fan de dei heard wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)