Bakkefean krijt nij sintrum

06 jun 2013 - 11:21
  • Bakkefean

Boargemaster en wethâlders fan Opsterlân wolle meiwurkje oan de bou fan in multyfunksjonele akkomodaasje yn Bakkefean. Dat soe komme moatte yn it Dúndellegebiet. It doarp wol der graach sportfoarsjennings by ha. Der sil no earst besjoen wurde oft dat helber is.

De gemeente hat wol as betingst steld dat besteande foarsjennings net tefolle konkurrinsje ha meie fan it nije sintrum. Fierder moat it doarp of in merkpartij it eigendom, de eksploitaasje en it ûnderhâld foar syn rekken nimme.

Dat betsjut ek dat Bakkefean no sels oan de slach moat om de sinteraasje rûn te krijen. As dat allegear slagget, wol de gemeente trije ton meibetelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)