Lieuwe Westra stapt ôf

06 jun 2013 - 11:04
  • Lieuwe Westra yn it ferbân

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje giet tongersdei net mear fan start yn de rittekoers Critérium du Dauphiné yn Frankryk. De hurdfytser fan Vacansoleil hat tefolle lêst fan in falpartij yn de twadde etappe. By in ôfdaling ried er yn in gat en sloech oer de kop. Westra hat tefolle lêst fan in kniesde ribbe.

Woansdei stapte hy noch wol op de fyts foar de tiidrit, mar einige as 80e. Yn it klassemint stie Westra 116e op mear as 18 minuten fan lieder Rohan Dennis út Australië.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)